It Deinumer kabaret mei ‘3.0’

Gjin sjampanje en oaljekoeken dizze kear, de keningin komt ek net mear op besite en de ingeltsjes bliuwe yn har hok. Mar wat dan wol?

In hiel swart-wyt ferhaal. Mar, mei in tút en der út-strook en offisjele wedstrydballen. In skema op de kuolkast , giele plavuizen en in checklist. Der is in dakterras en in snoeiteam. En wy liede foar eltsenien, dat ek. En nee, gjin sneldyklûden mear, we ha no bouferkear.

Op de planken: Ria Mous, Yde van der Hem, Regina Jorna, Jelmer Salverda, Nynke de Boer, Marieke Zonderland en Fokke Buma. Spullieding: Daan van Gent, mei assistinsje fan Anneke Koster. Muzikale begelieding: Anton Huizinga.

Ideeën en teksten: Christina Weiland, Regina Jorna, Bate Kleiterp, Anneke Koster, Marieke Zonderland en Hans Koster (einredaksje).